Boetes foar fytsers De Jouwer

06 des 2009 - 15:09

21 Fytsers ha sneontemiddei yn de Midstrjitte op De Jouwer in boete krigen om't se dêr fytsten. It is ferbean troch de winkelstrjitte te riden om't it fuotgongersgebiet is.

Goed tweintich fytsers koene oan de plysje ûntkomme. Sy stapten op tiid ôf of naaiden út troch ien fan de steechjes. De plysje sil de kommende tiid faker kontrolearje yn de Midstrjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)