Ynbraak kringloopwinkel Harns
By in ynbraak sneintemoarn betiid yn de kringloopwinkel oan de William Boothstrjitte yn Harns ha trije dieven in ûnbekend jildbedrach meinaam. De trije kamen binne troch in rút yn te smiten.
Tsjûgen warskôgen de plysje mar dy kaam krekt te let. De plysje hat noch oan it syken west mar koe de dieven net mear fine.