Kij De Leemweg wer op stâl

06 des 2009 - 14:00

De kij fan kowerêsthûs De Leemweg yn Sânhuzen yn Weststellingwerf binne sneontemiddei wer op stâl set. Yn 'e streamende rein holp in tsiental frijwilligers Bert Hollander by it begelieden út it lân fia in fytspaad nei de pleats.

Stifting De Leemweg is oprjochte yn 1980 troch Bert Hollander. Hy fynt dat dieren mear binne as gebrûksartikels yn dizze konsumpsjemaatskippij. Bern wurde grutbrocht mei it idee dat molke út in fabryk komt en fleis út de winkel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)