Mear leden Waadferiening

06 des 2009 - 12:38

It giet goed mei it ledetal fan de Waadferiening en de seehûnekres fan Pieterburen. Tsjin de trend yn krigen beide organisaasjes der leden by. It BFVW, it Bûn Foar Fryske Fûgelbeskermingswachten, ferlear opnij. It bûn hat no noch 24.500 leden.

It VARA-radioprogramma Vroege Vogels hat in ynventarisaasje dien fan it tal leden fan natuerklups. Opfallend is dat de measte natuerbeskermingsklups leden ferlieze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)