Drachtster ûnder trekker: dea

06 des 2009 - 12:26

In Drachtster (54) is sneon oan 'e ein fan de middei omkaam nei in ûngemak mei in trekker. De man joech syn 15-jierrige dochter trekkerrydles. Doe't se yn Boarnburgum op de krusing tusken de Easterbuorren en de Nijewei oankamen skrok it famke.

Se makke in stjoerbeweging wernei't de heit syn lykwicht ferlear. Hy rekke beknipe yn de trekker en wie op slach dea. De plysje is noch op syk nei de bestjoerder fan in reade auto. Dy kin mooglik mear fertelle oer de tadracht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)