Hermans hat measte ynfloed

05 des 2009 - 14:52
  • Loek Hermans meast ynfloedrike Fries

Loek Hermans út Beetstersweach is de meast ynfloedrike Fries. De foarsitter fan MKB-Nederlân stiet op it 30ste plak fan de Top 200 fan meast ynfloedrike Nederlanners. De list is gearstald troch de Volkskrant.

Op de list steane fjouwer Friezen. Njonken Loek Hermans binne dat ABP-foarsitter Ed Nijpels op plak 47, en Lense Koopmans út Sondel, presidint-kommissaris fan de Rabobank, op 104. André Olijslager ut Gytsjerk, âld baas fan Friesland Campina, is 152ste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)