Dronken jonges ride auto oan

De plysje fertinkt twa jonges fan it fernielen fan de auto fan in frou út Wommels. De twa, in jonge fan 17 út Wommels en ien fan 20 út Easterein, soene sneontemoarn betiid mei har auto tsjin de auto riden wêze. Dêrnei naaiden se út. Se koene lykwols troch de plysje achterhelle wurde.
Bliken die dat de twa safolle dronken hiene dat se noch net heard wurde koene. De auto rekke swier skansearre.