Auto by Ingwierrum yn sleat

05 des 2009 - 13:53

In 19-jierrich famke út De Jouwer is ferwûne rekke oan har hân by in ûngelok by Ingwierrum. It famke siet mei twa oaren yn in auto, dy't troch ûnbekende oarsaak fan 'e dyk rekke en yn in sleat bedarre.

Alle trije ynsittenden koene sels út de auto komme. It famke waard dêrnei oerbrocht nei it sikehûs, de oare beide hiene gjin ferwûnings. De auto rekke folslein fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)