112 hurdriders op de bon

By in snelheidskontrôle earder dizze wike op de Ljouwerterdyk by Marsum binne 73 bestjoerders betrape op te hurd riden. De grutste oertreder hie 119 kilometer op de teller stean. Goed 870 bestjoerders waarden kontrolearre.
By in kontrôle op de Wythústerwei yn Stiens giene 39 bestjoerders yn 'e fout. Op dy dyk, dêr't 50 kilometer yn 'e oere riden wurde mei, hie de hurdste rider 72 kilometer op de teller. Yn Stiens waarden hast 640 auto's kontrolearre.