Gjin rellen Cambuur-Go Ahead

Mei troch in goeie gearwurking mei de plysje yn Deventer hawwe der freed gjin rellen west tusken Cambuur- en Go Ahead Eagles-supporters. Dat seit in wurdfierder fan de Fryske plysje. De plysje yn Deventer foarkaam dat in groep supporters op de trein stapte rjochting Ljouwert.
Fanwege ferwachte rellen hie Ljouwert Go Ahead-supporters ferbean om nei de stêd te kommen. Omdat der berjochten wiene dat se wol komme soene waard der in soad plysje ynset.