Ruten klear yn Martinitsjerke

04 des 2009 - 17:17

Nei twa jier binne alle 15.600 glês-yn-lead rútsjes fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer wer as nij. De âlde rútsjes ha har eigen kleur weromkrigen. Stikkene eksimplaren binne ferfongen. De kosten fan mear as trije ton binne betelle mei jild fan spesjale aksjes. Ek binne subsydzjes takend.

Freed is it wurk offisjeel oplevere. Yn jannewaris fusearret de tsjerke mei de griffoarmearde tsjerke en giet op yn de protestânske gemeente Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)