ME stiet klear om yn te gripen

04 des 2009 - 16:27

Om rellen by de wedstriid Cambuur-Go Ahead Eagels foar te kommen set de plysje it maksimale tal minsken yn. De plysje hat oanwizings dat 100 supporters út Deventer komme om de konfrontaasje oan te gean mei de hooligans fan Cambuur.

Boargemaster Crone hat de komst fan de supporters ferbean fanwegen de kâns op rellen. De plysje set 80 ME-ers yn. Dit is maksimaal foar Fryslân. Op de ynfalsdiken binne kontrôles om supporters tsjin te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)