Anjer foar Hindrik v/d Meer

Hindrik van der Meer hat freed de Fryske Anjer krigen. Hy krijt de kultuerpriis foar syn ynspannings foar de Fryske muzyk. Troch de jierren hinne hat er in hiel soas ferskes skreaun, foar bern en folwoeksenen. Me syn frou Beitske hat er fierder fanút Boalsert kulturele bustochten organisearre.
De Fryske Anjer wurdt jierliks útrikt en bestiet út in bedrach fan 2500 euro en in sulveren spjeld. Eardere winners wiene Oerol en Rients Gratama.