Jubileum pastoar yn Dokkum

Pastoar Verheijen fan Dokkum fiert syn 25-jierrich jubileum as pryster. Hy wol by dy gelegenheid besykje om 5000 euro binnen te heljen foar in karavan oan de Burgumermar. Yn dy karavan kinne minsken op fakânsje dy't dêr sels gjin jild foar ha. De karavan kin ek troch minsken fan bûten de tsjerke brûkt wurde.
Op snein 13 desimber wurdt yn de Bonifatiustsjerke yn Dokkum mei in feestlike eucharistyfiering it jubileum betocht.