Ungelok by Bûtenpost

04 des 2009 - 11:03
  • Frontale botsing op de N358 (foto: Jan Beets)

Trije minsken binne tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok by Bûtenpost. In frou (23) rekke de macht oer it stjoer kwyt doe't se mei har auto yn de berm belâne. Se kaam mei har auto op de ferkearde helte fan de dyk en botste frontaal op de auto fan in man (79) út Twizel.

De brânwacht moast deroan te pas komme om de Twizeler en syn passazjier (80) út de auto te heljen. Alle slachtoffers binne mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)