Untsnapte Bulgaar opspoard
De resjerzje hat in 33-jierrige Bulgaar opspoard. Hy wie yn oktober net weromkaam fan wykeinferlof. De man is op fersyk fan Nederlân yn Dútslân oanhâlden. De man wie feroardield ta in selstraf fan 4 jier. Mei noch in oare Bulgaar hie er in famke (18) út har heitelân meinaam nei Ljouwert om har dêr yn de prostitúsje wurkje te litten.
De resjerzje hat in spesjaal team dat feroardielden opspoart dy't op de flecht binne.