Skuon opsette foar needopfang

03 des 2009 - 23:39

Mei it opsetten fan 160 skuon by de Waach yn Ljouwert fregen de gearwurkjende needopfangen yn Fryslân tongersdei omtinken foar de 160 minsken dy't sy noch helpe yn ús provinsje. It giet om minsken dy't hjir wol legaal binne, mar net wenje, wurkje of studearje meie.

By de skuon sieten ek ferlanglistjes mei winsken lykas in eigen bêd of de kâns om nei skoalle te gean. Steatssekretaris Albayrak wol alle needopfangen op 1 jannewaris 2010 slute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)