Feanster priveeklinyk oernaam

03 des 2009 - 20:22

De priveeklinyk op It Hearrenfean is oernaam troch de Bergman Kliniek. Dat konsern hat op ferskate plakken yn Nederlân priveekliniken.

De oername hat gjin konsekwinsjes foar it soart yngrepen dat dien wurdt op de lokaasje op It Hearrenfean. Dêr wurde kosmetyske operaasjes dien. De namme Privé-kliniek Heerenveen ferdwynt wol, dat is tenei Bergman Kliniek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)