Go Aheadsupporters net wolkom

03 des 2009 - 17:43

Supporters fan Go Ahead Eagles meie freed net nei de wedstryd tsjin Cambuur yn Ljouwert. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald yn in koart pleit dat oanspand wie troch supporters fan Go Ahead út Deventer. Boargemaster Crone hie har komst ferbean. Hy fynt it in risikoduel. De rjochter is dat mei him iens. Dy seit dat foaral de Cambuursupporters sjoen wurde moatte as in risikofaktor. It gefaar foar de feilichheid is te grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)