Papadopulos yn de basis

03 des 2009 - 16:59

Alle twivelgefallen by sc Hearrenfean kinne tongersdeitejûn spylje. Hearrenfean nimt it yn Portugal yn de Europa League op tsjin Sporting Lissabon. Oer Viktor Elm, Kristian Bak Nielsen en Michal Papadopulos bestie noch twivel, mar se spylje alle trije. Daryl Janmaat is skorst.

De opstelling yn Lissabon sjocht der no sa út: Vandenbussche, Breuer, Bak Nielsen, Dingsdag, Popov, Grindheim, Elm, Losada, Beerens, Papadopulos en Assaïdi.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)