Soarch oer groei tal dakleazen

De VVD-fraksje yn Ljouwert makket him soargen oer de groei fan it tal dakleazen yn Fryslân. Yn 2006 wiene dat der 765, in jier letter hûndert mear en yn 2008 goed 900. De VVD is foaral skrokken omdat in moanne lyn bekend makke waard dat it tal dakleazen yn Ljouwert werom rûn wie nei 128, wylst dat getal in pear jier lyn noch tusken de 300 en 400 lei.
De VVD wol fan it Ljouwerter kolleezje en de opfangfoarsjennings witte wat de gefolgen binne foar Ljouwert.