Harnzer langer fêst

De 32-jierrige Harnzer dy't fêst sit foar mishanneling fan in plysjefrou yn Ljouwert, bliuwt noch seker 30 dagen yn de sel. Dat hat de riedskeamer besletten. De man wurdt derfan fertocht dat hy goed twa wike lyn yn Ljouwert in 33-jierrige aginte swier ferwûne hat.
De man waard foar in ferkearskontrôle oanhâlden. De Harnzer reagearre dêrby sa agressyf dat sels de ynset fan pepperspray gjin effekt hie.