Plysje siket automobilist

De plysje is op syk nei in automobilist dy't woansdei op 'e neimiddei op de Ald Dyk yn Skearnegoutum trochriden is nei in ûngelok.
In 17-jierrige bromfytser út Skearnegoutum krige fan de noch ûnbekende automobilist gjin foarrang by de Legedyk. De bromfytser moast dêrop fol yn de remmen en foel. Hy rekke net ferwûne, mar syn brommer wie wol skansearre. It giet om in swarte stationwein, mooglik fan it merk Ford.