Drachtster oplichtster oppakt

03 des 2009 - 10:32

Mei de oanhâlding fan in Drachtster frou (21) hat de plysje krapoan tweintich oplichtingssaken oplost. Sa beneidiele de frou in famyljelid yn België en ferhierde se in keamer oan in oar, mar betelle sels gjin hier.

De frou dupearre ek alve minsken fia ferkeap fan guod op ynternet. Dêrnei waard in ynternasjonaal opspoaringsberjocht ferspraat. De fertochte hat har sels meld op it plysjeburo nei't foar har dúdlik waard dat de plysje har socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)