PvdA foar opheffing B'him

In grutte mearderheid fan de PvdA-leden yn Boarnsterhim wol dat de gemeente opheft wurdt. By in stemming woansdei stimden 21 leden foar in weryndieling en trije tsjin. De PvdA'ers hawwe har net útsprutsen oer hoe't dat krekt stal krije moat. Dus oft Boarnsterhim opgean moat yn Ljouwert of yn meardere gemeenten.
Fraksjefoarsitter Dekker seit dat de fraksje noch gjin stânpunt ynnaam hat. Dat dogge se pas op 15 desimber, as de ried in beslút nimt.