Ien iepenbier ferfiersbedriuw

03 des 2009 - 09:45

Fryslân moat wer ien iepenbier ferfiersbedriuw krije. Dat moat dan op ôfstân troch de provinsje rund wurde. Derfoar pleite FNV-fakbûnsbestjoerder Ed van Eijbergen woansdei by Provinsjale Steaten. Sa kinne kapitaalferneatiging en sosjale problemen by de oergong fan it iene nei it oare busbedriuw foarkaam wurde.

Dy wolle faak inoars gebouwen net oernimme en ek falt in part fan it personiel tusken wâl en skip. By ien wurkjouwer kin soks foarkaam wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)