Gjin jild foar skoallen

03 des 2009 - 09:35
  • Wethâlder De Graaf

Dongeradiel hat gjin jild om it klimaat yn skoallen yn de gemeente te ferbetterjen. Wethâlder De Graaf sei dat woansdei yn de riedskommisje. De skoalbestjoeren wolle foar in kwart miljoen ynvestearje yn it binnenklimaat fan skoallen. Se hawwe dêrta in subsydzjefersyk yntsjinne by de gemeente.

In ton fan it totale bedrach soe foar rekken komme fan de gemeente. De rest wurdt betelle troch it Ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)