Wyk benaud foar kriminelen
Bewenners fan de wyk Hearrenfean-Noord binne benaud foar oerlêst fan kriminele jongeren as de bou fan jeugdfinzenis It Poortje trochgiet. Dat waard woansdeitejûn bliken by de presintaasje fan it definitive ûntwerp fan It Poortje. Foaral it paad dat de kriminele jongeren aanst nimme moatte nei it sintrum sit de bewenners dwers.
Dizze giet troch de wenwyk hinne, wylst dat net de bedoeling wie. Yn de plannen wurde de rugbyfjilden ferhuze tichtby de skoalle OSG Sevenwolden.