Utgeansgeweld Ljouwert nimt ôf

02 des 2009 - 20:12

De hoareka yn Ljouwert is bliid dat it útgeansgeweld yn de binnestêd de ôfrûne jierren mei 3 persint ôfnaam is. De doelstelling fan de gemeente en de plysje wie om mei kamera's en ekstra tafersjoch 15 persint minder geweld te krijen. Dat is net slagge, sa docht bliken út ûndersyk.

Foarsitter Van de Erve fan Hoareka Ljouwert fynt dat syn brânzje tefreden wêze mei dat der in ôfname is. "Yn guon oare plakken yn it lân nimt it stappersgeweld krekt ta".

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)