Dôvefolder foar toskedokters

02 des 2009 - 17:01

It Frysk Sintrum foar Doven en minhearrenden FCDS hat in spesjale folder makke foar toskedokters. Doel fan de folder is foarljochting te jaan oer problemen dy't minsken dy't dôf binne by de toskedokter hawwe.

Sa wurde praktyske tips jûn oer hoe't je mei in pasjint omgeane dy't min heart. As in toskedoktor bygelyks by it praten mei in dôve pasjint syn mûlekapke op hâldt wurdt kommunikaasje wol bysûnder dreech. De nije folder wurdt no freed presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)