Gjin Eagles-fans nei Cambuur

Boargemaster Crone
Der sille kommende freedtejûn perfoarst gjin groepen supporters fan Go Ahead Eagles it Cambuurstadion yn Ljouwert ynkomme. Dat seit boargemaster Crone yn reaksje op it koart pleit dat de supportersferiening fan de klup út Deventer oanspand hat.
Tongersdei sil de rjochter him bûge oer de fraach oft it terjochte is dat boargemaster Crone de Go Ahead-supporters keare wol. Neffens Crone sil freed goed kontroleard wurde oft Eaglesfans kaartsjes kocht hawwe.