1e peal skipfeartmuseum slein

Sa komt de yngong fan it museum der út te sjen
De earste peal foar de ferbouwing fan it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits is woansdei de grûn yn gien. It museum wurdt stevich oanpakt. Sa wurdt der in nagelnije yngong boud, der komt in bernemuseum by en de biblioteek wurdt in stik grutter. En dat nei oanlieding fan erfenissen fan sa'n acht ton.
Ferskate partijen hawwe dêr noch sa'n twa miljoen euro bylein. Yn april 2011 moat it ferboude museum klear wêze. It doel is om yn 'e takomst mear besikers te lûken: der wurdt stribbe nei 30.000.