Te min bern yn Hitsum

02 des 2009 - 15:48

De sluting fan 'e doarpsskoalle yn Hitsum wie net mear foar te kommen, seit de gemeente Frjentsjerteradiel. Der binne net genôch bern yn it doarp om de skoalle iepen te hâlden. Neffens wethâlder Bram Bonnema is der alles oan dien om dy ûntwikkeling te kearen.

Sa is wentebouw tastien yn it doarp en hat der in kampanje west yn nijbouwyk Frentsjer-Súd om bern dêrwei nei de skoalle yn Hitsum te krijen. Dat is lykwols net slagge. Woansdei waard bekend dat de skoalle takom jier slút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)