Skoalfúzje T'diel/Smell'lân

02 des 2009 - 15:36

De fúzje tusken de iepenbiere basisskoallen fan Smellingerlân en Tytsjerksteradiel giet troch. De rieden fan 'e twa gemeenten binne akkoart gien mei it fúzjefoarstel. Sûnt 2005 wurkje de skoallen al gear.

Troch fúzje hoopje de skoalbestjoeren yn 'e takomst effisjinter wurkje te kinnen. En dat is goed foar it iepenhâlden fan lytse basisskoallen. Op 4 jannewaris wurdt de namme en it logo fan de nije ûnderwiisstifting offisjeel bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)