Crone: trochgean mei kamera's

Boargemaster Ferd Crone
It stappersgeweld yn de Ljouwerter binnenstêd is minder omleech gien as de ferwachting wie nei de ynfiering fan kameratafersjoch. Yn twa jier tiid moast it tal ynsidinten mei 15 prosint omleech en dat is mar trije persint wurden.
Likegoed wol de gemeente trochgean mei it eksperiment omdat sûnder de kamera's it geweld sterk tanommen west hie, seit boargemaster Ferd Crone. Hy wol ek it tal ynsidinten yn de bûtenwiken oanpakke.