Saak oven net weriepene

De Harnzer ôffaloven yn oanbou
De Ried fan Steat-saak oer de miljeufergunning foar de ôffaloven wurdt net weriepene. De rjochters fine dat se genôch ynformaasje hawwe om yn jannewaris in útspraak te dwaan. Yn oktober is de saak al behannele.
It fersyk foar nij ûndersyk kaam fan Henri Sarolea, de advokaat fan in groep omwenners. Neffens him soe der nije ynformaasje wêze oer de steamliedings dy't fan de ôffaloven nei it sâltfabryk rinne foar it leverjen fan enerzjy.