8.000 Friezen mei OV-chipkaart

Der binne 8.000 OV-chipkaarten fergees útdield
De provinsje is tefreden mei it tal Friezen dat in OV-chipkaart hat, de ferfanger fan de strippekaart. Achttûzen minsken hawwe der ien.
Dit docht bliken út sifers dy't de provinsje woansdei bekendmakke. Minsken koene oant 1 desimber ta fergees in chipkaart oanfreegje. De kaart wurdt ek mear brûkt: oant no ta sa'n 14.000 kear. It is lykwols net bekend wa't de kaart dan brûkt en hoe faak dat krekt bart.