Otter deariden op A6

02 des 2009 - 12:20
  • Yn it wyld wurdt de otter faker dea as libben oantroffen...

Der moat op koarte termyn ôfrastering pleatst wurde op de A6 tusken Sint Nyk en De Lemmer. It Fryske Gea trúnt dêr by de provinsje op oan nei de fynst fan wer in deade otter.

It Fryske Gea is optein oer it sukses fan it útsetten fan otters yn de Weerribben en de Rottige Meenthe, mar fynt it begrutlik dat se allinne noch dea op de flechtstrook sjoen wurde. De otter op de A6 is oant no ta de sechde otter dy't dea oantroffen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)