Lêste skoalle Hitsum ticht

02 des 2009 - 10:53

De lêste basisskoalle yn Hitsum giet definityf ticht. De kristlike basisskoalle Underweis hat te min learlingen om oan de easken fan it ryk te foldwaan. Op it stuit sitte der 22 learlingen op de skoalle. Ein dit skoaljier geane nochris fiif oant seis bern fan skoalle, sûnder dat der nije bern bij komme. De lanlike noarm foar it minimale tal learlingen is 23.

De bern dy't oerbliuwe moatte tenei yn Achlum nei skoalle moatte, op goed 4 kilometer fan Hitsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)