Reinwetterhúskes by T'diel

02 des 2009 - 10:44

De amtners fan it gemeentehûs yn Burgum spiele meikoarten de húskes troch mei reinwetter. Dêrfoar wurdt reinwetter opslein yn spesjale putten dy't tiisdei pleatst binne. Sa wurdt 475 kúb drinkwetter it jier útsparre.

Op it gemeentehûs ha se by swiere buien gauris lêst fan lekkerij, troch it opheinen fan reinwetter moat dat ek oer wêze. De gemeente wol tenei by alle nijbou inselde reinwettersysteem pleatste, sadat reinwetter foar húskes en de waskmasine brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)