Kooyenga wol bijdrage gemeente

Romke Kooyenga
Undernimmer Romke Kooyenga wol dat de gemeente Dongeradiel dochs bijdraacht oan syn partikuliere needfûns. Hy stelde fan 't simmer 20.000 euro beskikber foar earmoedebestriding en frege de gemeente ek om in bydrage.
Dy woe sels baas bliuwe oer de besteging fan it jild en dêrom besleat de ried ta in eigen needfûns. Kooyenga rôp tiisdei de gemeenteried op om beide jildpotsjes by inoar te lizzen. Syn fûns hat 60 helpfersiken krigen en is hast troch it jild hinne.