Nij poppoadium yn Dokkum

02 des 2009 - 07:08

Dokkum krijt in nij poppoadium yn multikultureel sintrum it Bolwerk. De toanielseal fan it sintrum oan de Oranjewâl wurdt dêrfoar geskikt makke.

Der is ferlet fan in nij poadium omdat by optredens yn it besteande poppoadium Zero mar 40 konsertbesikers komme kinne te sjen. Foar de measte bands is it teater Dok18 in maat te grut. It kostet 43.000 euro om de seal fan it Bolwerk mei bettere isolaasje geskikt te meitsjen foar optredens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)