Sloop pleats Grou útsteld

01 des 2009 - 22:19

De sloop fan de pleats oan it Hoflân yn Grou is teminste mei 6 oant 9 moanne útsteld. De gemeente Boarnsterhim woe de pleats, dy't al foar in grut part ynstoarten is, foar it winterstoarmseizoen slope. Krekt foardat de sloop los soe, hat in ynwenner fan Grou in juridyske proseduere starten. Hy fynt dat de pleats monumintale wearde hat en dus net sloopt wurde mei.

Neffens de gemeente is der gjin sprake fan monumintale wearde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)