Koart pleit Go Ahead Eagles

01 des 2009 - 22:06

De supportersferiening fan Go Ahead Eagles easket fia in koart pleit by de rjochter dat de supporters freedtejûn by de topper Cambuur tsjin Go Ahead Eagles wêze meie. Boargemaster Crone fan Ljouwert ferbiedt de komst fan de supporters út Deventer. Hy is benaud foar ûngeregeldheden, omdat der geweld west hat by de lêste wedstriid fan de beide klubs yn oktober.

De supportersferiening fan Go Ahead Eagles fynt dat de supporters rjocht hawwe om de wedstriid te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)