Riedhús Grou ferkocht

© Omrop Fryslân
It Riedhús fan Grou is tiisdei oerdroegen oan de spesjaal dêrfoar oprjochte "stichting ta behâld fan it âlde riedhús yn Grou". Mei it riedhús is ek it terrein oan de Hellinghaven oerdroegen oan de stichting, dy't dêrfoar de symboalyske priis fan 1 euro betelje moasten.
It riedhús wurdt opknapt neffens in plan fan arsjitekt Adema en hâldt syn funksjes. De beide tsjinstwenten wurde ferkocht en de opbringst wurdt brûkt foar it opknappen fan it riedshús.