Takomst Drafbaan noch ûnwis

01 des 2009 - 17:36

Oer de takomst fan de drafbaan fan Wolvegea is noch hieltyd gjin dúdlikheid. Foar de tredde kear binne de ûnderhannelings tusken de sân partikuliere hypoteekhâlders fan Drafcentrum Wolvega mislearre.

Kurator Christiaan Mensink hie in foarstel foar de ferkeap fan de grûn en de gebouwen dien, mar fiif fan de sân finansiers koene har dêr net yn fine. Mensink sil him no earst beriede op fierdere stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)