Bêste Fryske Sinees op It Fean

Sinees restaurant Lotus Sakura op It Hearrenfean is de bêste Sinees fan Fryslân. Yn in top 100 dy't makke is nei oanlieding fûn ûndersyk troch it hoarekabûn en fakblêd Misset stiet Lotus Sakura op it 17e plak. It is dêrmei ek it iennichste Fryske restaurant dat yn de top-100-list foarkomt.
De bêste Sinees fan it lân is Restaurant Dynasty yn de Reguliersdwarsstraat yn Amsterdam.