Miljoen foar Makkumer Djip

01 des 2009 - 12:19

Steatssiktaris Tineke Huizinga seit in miljoen euro ta foar it ferbetterjen fan it Makkumer Djip, de farrûte tusken Makkum en de Iselmar. Se docht dat op oantrúnjen fan ûnder oare Keamerlid Sander de Rouwe fan Boalsert.

Betingst is dat ek de provinsje in miljoen euro jaan moat. De gemeente Wûnseradiel hat der lykwols alle betrouwen yn dat dat goedkomt, omdat de farwei fan grut belang is foar de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)