Utwreiding bedriuweterreinen

Boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen
Foar útwreiding fan bedriuweterreinen is noch romte yn Noardeast-Fryslân. Mar dan moat earst sjoen wurde nei útwreidingsmooglikheden op besteande bedriuweterreinen yn de ferskillende gemeenten. Dat sei deputearre Piet Adema moandei by in gearkomste fan ûndernimmers yn Achtkarspelen. Benammen foar lytse bedriuwen moatte yn de eigen omkriten mooglikheden bliuwe foar festiging of útwreiding.
Van der Zwan fan Achtkarspelen is bliid mei dy ynstek fan de provinsje.