OM tinkt nei oer Weekendje Weg

01 des 2009 - 10:37

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert wol him earst yntern beriede op in útspraak fan de rjochtbank, dy't seit dat it projekt Weekendje Weg yn striid is mei de wet. By dat projekt wurde minsken dy't yn it wykein oppakt wurde foar geweldpleging it hiele wykein fêsthâlden. Se meie dan net earder as op moandei de sel út.

It OM die in proef mei dat projekt yn Ljouwert en Snits, mar neffens de rjochter mei it net. De rjochten fan in fertochte wurde dan te bot skeind.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)